- (0)3 666 78 70
- info@weg.be
- www.facebook.com/WillemElsschotGenootschap
Tsiis fan Elsschot yn it Frysk
Dit nijsgjirrige mar ek tragykkomyske ferhaal oer in knoffelige man fan saken jout tagelyk in prachtich byld fan de tritiger jierren yn België. Grimmitich en mei hertstocht observearret Willem Elsschot, master fan de stiryske humor, hjir it swakke yn de minsken: 'Ik fyn dit boek - in roman mei it net neamd wurde - it bêste slagge fan al myn boeken. Nei myn betinken haw ik lykwichtich útbyldzje kinnen: it pynlike moed en de tragyk fan in man dy't troch in gearrin fan omstannichheden yn in fak telâne komt, dat alhiel net strykt mei syn karakter, syn oanlis en syn temperamint.'
Oersetter is Frank Dykstra fan Aduard en útjouwer is Mark Pieters fan Atheneaum Polak & Van Gennep út Amsterdam.
"De oplage sil yn elk gefal achthûndert stiks beslaan, want safolle leden hat it Willem Elsschot Genootschap en dy wolle stik foar stik sa'n kurioasum yn 'e boekekast ha."
Omrop Fryslan